Springe nei ynhâld

Phoenix (Arizona)

Ut Wikipedy
Phoenix
Emblemen
          
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Arizona
County Maricopa County
Sifers
Ynwennertal 1.488.750 (2012)
Oerflak 1.338,3 km² (ynkl. wetter)
1.335,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.080,2 / km²
Stêdekloft 4.263.236 (2010)
Hichte 331 m
Oar
Stifting 1867
Tiidsône UTC-7
Simmertiid gjint (UTC-7)
Koördinaten 33°26′54″N 112°04′26″W
Offisjele webside
www.phoenix.gov
Kaart
De lizzing fan Phoenix yn Maricopa County en yn 'e steat Arizona.

Phoenix (útspr.: ['fi:nɪks]; Papago-Pima: S-ki:kigk; Javapai: Wakatehe; Westlik Apache: Fiinigis; Navaho: Hoozdoh; Mohave: Hachpa 'Anya Nyava) is de haadstêd en teffens de grutste stêd fan 'e súdwestlike Amerikaanske steat Arizona. It is ek it haadplak fan Maricopa County. Mei (neffens in offisjele skatting út 2012) krapoan 1,5 miljoen ynwenners is it fierders de op fiif nei grutste stêd fan it hiele lân, en ek de grutste steatshaadstêd fan 'e Feriene Steaten. Mei alle foarstêden derby hat it as stêdekloft in befolking fan hast 4,3 miljoen minsken. Dy stêdekloft wurdt wol de Valley of the Sun ("Delling fan 'e Sinne") neamd, mei't it yn Phoenix yn 'e regel sinnich en smoarhjit is. De stêd leit dan ek yn 'e noardeasthoeke fan 'e Sonoara-woastyn, justjes súdwestlik fan 'e midden fan Arizona. Mear as 40% fan 'e befolking bestiet út Latino's, en 27,6% is Spaansktalich. Mei't Phoenix hast 1.100 km² beslacht, is it ek kwa lânoerflak ien fan 'e grutste Amerikaanske stêden.

De krite dêr't Phoenix no leit, waard mear as 2.000 jier lang bewenne troch de Hohokam-folken, dy't in systeem fan yrrigaasjekanalen oanleine om yn 'e woastyn lânbou bedriuwe te kinnen. Teffens dreaune hja hannel mei oare âlde Yndiaanske kultueren, lykas de Anasazy, de Mogollon en de Sinagua. Tusken 1300 en 1450 rekke it gebiet fanwegen slimme oerstreamings ûntfolke. Neitiid libben der fersille groepkes Pima (dy't wierskynlik fan 'e Hohokam ôfstamje), en teffens Javapai en Marikopa. Yn 1848, oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, waard it gebiet ûnder it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo troch Meksiko ôfstien oan 'e Feriene Steaten. Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) makken sawol it Noarden as it Suden oanspraak op it Nij-Meksiko-territoarium (dêr't it lettere Arizona doe ek noch ta hearde), mar folle waard der net om fochten.

It stedhûs fan Phoenix.

Phoenix waard yn 1867, koart nei de Boargeroarloch, stifte troch de Súdlike feteraan Jack Swilling, dy't it âlde yrrigaasjesysteem fan 'e Hohokam restaurearre. De mienskip dy't dêromhinne opgroeide, hiet yn 't earstoan Pumpkinville, fanwegen de grutte pompoenen dy't der ferboud wurde koene mei help fan 'e yrrigaasjekanalen. Letter waard it omneamd ta Swilling's Mill, wer letter ta Helling Mill, en doe Mill City. In offisjele namme hie it lykwols net, mei't de ynwenners it dêr mar min oer iens wurde koene. Swilling woe it Stonewall neame, nei de grutte Súdlike generaal Thomas "Stonewall" Jackson, mar Noardlike kolonisten koene it earjen fan harren fijân net goedkrije. Einlings waard besletten ta de namme Phoenix, nei de mytologyske feniks, in fûgel dy't út syn eigen jiske werriisd, mei't Phoenix ek boud wie op 'e ruïnes fan 'e Hohokam-beskaving. (De feniks is ek noch altyd werom te finen op 'e flagge en it segel fan 'e stêd.)

Yn 1881 krige Phoenix offisjeel de status fan stêd; it hie doe likernôch 2.100 ynwenners. Oan 'e ein fan dat desennium waard Phoenix op it spoar oansletten troch de Phoenix and Maricopa Railroad, in sydtûke fan 'e Southern Pacific Railroad. Dat hie grutte ekonomyske groei ta gefolch, en de stêd ûntjoech him ta in kommersjeel sintrum foar in grutte omlizzende krite. Yn 1911 waard beëasten de stêd de Rooseveltdaam yn 'e Sâltrivier oanlein, sadat der in grut reservoir oan drink- en yrrigaasjewetter ûntstie. Op 14 febrewaris 1912, ûnder it regear fan presidint William Howard Taft, waard Phoenix de haadstêd fan Arizona, dat doe in folweardige steat waard. Doedestiden wie Phoenix noch lytser as Tucson, mar dat feroare in jier as tweintich letter.

Under de Twadde Wrâldoarloch ûntjoech Phoenix him ta in yndustriële stêd, talein op it befoarriedzjen fan 'e Amerikaanske Striidkrêften. De befolking groeide navenant. De jûns fan Thanksgiving Day, yn it neijier fan 1942, rûn in bokswedstryd tusken in fertsjintwurdiger fan in blank rezjimint en ien fan in swart rezjimint út op in rasse-opskuor, wêrby't swarte soldaten willekeurige blanke boargers oanfoelen. De plysje koe har net de baas, en doe't de militêre plysje ynset waard, joech de rest fan it swarte rezjimint him by de oproerlingen en begûn mei skerp te sjitten. It Amerikaanske Leger liet pânserweinen en oar materieel optsjen en wist de legeropskuor mei muoite de kop yn te drukken, wêrby't tsientallen deaden foelen. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der ek in kriichsfinzenekamp oanlein op it plak dêr't no de Phoenix Zoo stiet. Fan 'e yn Jeropa finzen nommen Dútske soldaten dy't dêr opsletten waarden, brieken yn 1944 in grut tal út mei it plan om mei eigenmakke boaten de tichtbye Sâltrivier del te farren nei Meksiko. Hja wisten net dat dy rivier, troch alle yrrigaasje yn 'e omkriten, frijwol drûch stie en al yn gjin jierren mear befarber wie. Sadwaande koene se nei harren útbraak rillegau wer oppakt wurde.

It Steatskapitoal fan Arizona.

Yn 2008 waard Squaw Peak, de op ien nei heechste heuvel yn Phoenix, omneamd ta Piestewa Peak, nei Lori Ann Piestewa, in frou út Arizona dy't de earste Amerikaanske soldate fan Yndiaansk komôf wie dy't ea yn 'e striid sneuvele, en teffens de earste Amerikaanske (froulike) soldate dy't omkaam yn 'e Twadde Golfoarloch.

Phoenix hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen syn waarme winterklimaat hat Phoenix yn dy tiid fan 't jier in protte toerisme en ferdivedaasje. Sa wurde der dan ferskate grutte golfwedstriden organisearre. Dêrnjonken kinne toeristen it Phoenix Art Museum besykje, dat in tige komplete kolleksje fan mear as 18.000 keunstwurken fan alderhanne soarte hat, en dêrmei it grutste keunstmuseum fan it hiele Amerikaanske Súdwesten is. In oar foaroansteand museum is it Heard Museum, dat njonken klassike en moderne stikken ek in grutte kolleksje Yndiaanske keunstwurken hat.

In loftfoto fan it sintrum fan Phoenix (2011).

Yn Phoenix binne fierders de Phoenix Zoo, de pleatslike dieretún, en de Steatsuniversiteit fan Arizona (ASU), de grutste universiteit fan Arizona, fêstige. Ek is de stêd de thúshaven foar it honkbalteam de Arizona Diamondbacks, it Amerikaansk fuotbalteam de Arizona Cardinals, it iishockeyteam de Phoenix Coyotes en it basketbalteam de Phoenix Suns. Op it mêd fan loftferfier wurdt Phoenix betsjinne troch it Phoenix Sky Harbor International Airport, dat bgl. yn 2007 mear as 42 miljoen reizgers te ferwurkjen krige.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe de etnyske opbou fan 'e befolking fan Phoenix sa: 46,5% blanken; 40,8% Latino's; 6,0% swarten; 3,2% Aziaten; 2,6% Yndianen; 9,0% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Latino's wie 88% fan Meksikaansk komôf (dat is ynklusyf de oarspronklike Meksikaanske befolking dy't al yn Arizona wenne doe't Meksiko it gebiet yn 1848 oan 'e Feriene Steaten ôfstean moast). Wat de talen oangie dy't yn Phoenix sprutsen waarden, stie it Ingelsk mei 68,8% op it earste plak, folge troch it Spaansk mei 27,6%. Under de blanke Amerikanen yn Phoenix binne in soad lju fan Dútsk, Iersk en Ingelsk komôf.

Berne yn Phoenix

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ferkearstoer fan it Phoenix Sky Harbor International Airport.

Phoenix suchtet ûnder it subtropyske woastynklimaat dat karakteristyk is foar de Sonoara-woastyn. De winters binne waarm en de simmers gleonhjit. De kâldste moanne is desimber, as de trochsneed temperatuer oerdeis 19 °C is. Yn july, de hjitste moanne, is dat 41,2 °C (en yn augustus en juny 40,2 °C, resp. 39,9 °C). Frieze docht it yn Phoenix yn trochsneed mar ien nacht yn 't jier. Rekôrtemperatueren wiene –9 °C op 7 jannewaris 1913 en 50 °C op 26 juny 1990. Jiers falt der trochstrings 200 mm delslach, en winterdeis kin der altemets in petiterich bytsje snie komme, dat suver daliks alwer fuortteit.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.