Lieuwe Annes Buma
Lieuwe Annes Buma (Wâldsein, 19 novimber 1796 - Makkum, 2 maaie 1876) wie in Nederlânske klassikus. Hy wie in begoedige man en stifter fan de provinsjale Buma Bibleteek yn Ljouwert, in samling boekwurken op it mêd fan de Grykske en Romeinske taal en letterkunde.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buma waard berne as soan fan de keapfardijkaptein Anne Lieuwes Buma en Trientje Sietses. Hy gie nei skoalle yn Frankryk en yn Kampen en studearre dêrnei oan de universiteit fan Grins en oan de Universiteit Leien. Dêr promovearre er yn 1816 op in proefskrift Miscellanea Literaria ta doktor yn de Letteren.[1] Nei syn stúdzje hâlde er in skoft ta yn Frankryk. In stúdzje rjochten makke er net ôf en hy sette him nei wenjen yn Makkum. Dêr wie er dwaande mei stúdzjes op syn mêd.
Buma waard ferneamd mei syn rol fan mesenas yn Fryslân. Hy stoar as frijfeint yn maaie 1876 yn syn wenplak Makkum.
Ut syn jildlik fermogen waarden de neifolgjende saken betelle:
- In provinsjale bibleteek foar Grykske en Romeinske letterkunde, de Buma Bibleteek
- In fûns dêr't alle jierren in priisfraach betelle wurde moast foar artikelen op it mêd fan de Grykske en Romeinske letterkunde
- In fûns foar priisfragen op it mêd fan lânbou
- In fûns foar twa Friezen om it gymnasium te folgjen
- In fûns foar twa beurzen dêr't in stúdzje fan Fryske jongerein oan de universiteit fan betelle wurde koe
- Hy skonk ƒ 12.000 oan de Noord- en Zuid-Hollandsche Redding-Maatschappij foar de ynrjochting en yn it wurk hâlden fan in rêdingsstasjon oan de Fryske kust. De kar foel op Moddergat. De rêdingsboaten krigen syn namme: L.A.Buma[2]
Fan 2009 ôf wurdt jierliks de L.A. Buma-bokaal útrikt foar de dejinge út Noard-Nederlân dy't it measte wit fan de klassiken.
Buma kaam te hôf yn Smallebrugge. De grêven fan de famylje Buma en de klokkestoel op it begraafplak soenen "ten eeuwigen dage" ûnderhâlden wurde moatte út in troch Buma stifte fûns.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Artikelen
|