Springe nei ynhâld

Gisèle Lestrange

Ut Wikipedy

Gisèle Lestrange of Gisèle de Lestrange, nei har trouwen, Gisèle Celan-Lestrange (Parys, 19 maart 19279 desimber 1991) wie in Frânsk grafysk ûntwerper.

Se studearre tekenjen en skilderjen oan de Académie Julian yn Parys fan 1945 oant 1949, en dêrnei etsjen oan Atelier Friedlaender yn Parys, fan 1954 oant 1957. Sy waard in ferneamd grafikus dy't nei 1964 foar atelier Lacourière-Frélaut yn Parys wurke. Har heit stoar yn 1943. Op 21 desimber 1952 boaske hja mei de dichter Paul Celan, dy't hja novimber 1951 moete hie. It pear krige twa soannen, Francois (b. 1953), dy't fuort nei de berte stoar, en Eric (b. 1955). Yn 1967 wennen sy en Celan lykwols apart. De keunstner stoar yn Parys.

Lestrange yllustrearre it wurk fan in tal ferneamde dichter. In protte fan har wurk makke sy by de gedichten fan Paul Celan.

  • Paul Celan, Schwarzmaut, 1969.
  • Martine Broda, Double, La Répétition, 1978.
  • Nûmer 4 fan de revu Clivages
  • Paul Celan - Gisèle Celan-Lestrange, Correspondance (1951–1970), korrespondinsje fan it pear, mei karút fan Paul Celan syn brieven oan soan Eric, mei redaksje en kommintaar fan Bertrand Badiou, mei help fan Eric Celan, Parys, éd. du Seuil, 2001, 2 dielen.
  • John Felstiner Paul Celan: Poet, Survivor, Jew." New Haven: Yale University Press, 1995, sd. 72–73.
  • Katalog der Werke [Catalogue Raisonné of the artist's works], redaksje Ute Bruckinger en Klaus Bruckinger yn 'e mande mei Eric Celan en Bertrand Badiou. Tübingen; Berlyn: Wasmuth 2009 ISBN 978-3-8030-3332-1

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]