Aleppo
Aleppo | ||
Alde stêd fan Aleppo | ||
Bestjoer | ||
Lân | Syrje | |
Gûvernemint | Aleppoa | |
Distrikt | Jabal Sam'an ('Berch Simeon') | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.738.000 (2011) | |
Oerflak | 190 km² | |
Hichte | 379 | |
Oar | ||
Stifting | 5000 f.Kr. | |
Tiidsône | EET (UTC+2) | |
Simmertiid | (UTC+3) |
Aleppo (Arabysk: ﺣﻠﺐ, Halab) is in stêd en ek in provinsje yn it noardwesten fan Syrje, deun by de Turkske grins. Mei it tal fan 2.738.000 ynwenners is it de grutste stêd fan Syrje.[1] Mei Damaskus stride it om de ear hoeke stêd it de langst oan ien stik bewenne west hat op de wrâld.
Ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aleppo is ien fan âldste stêden op de wrâld en leit op in strategysk plak tusken de Midlânske See en de Eufraat. Meastepart fan de ynwenners binne Arabieren, mar der wenje ek Koerden en Armeenjers en lytse tallen Griken en Turken. Likernôch 20% binne kristenen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De akkadyske namme fan de stêd wie Halab, ek Halap, Hallaba, Halba, Halbi of Halpa skreaun. Yn Egyptyske boarnen hite de stêd 'hlp; yn it Arameesk en in Oegarit waard hlb skreaun. Yn de Aldheid wie de Aleppo bekend as Halpa, yn de Seleusidyske tiid as Beröa.
De Arabieren hawwe de namme Halab hâlden dy't yn harren taal de ferline tiid fan molke is. Neffens oerlevering rêste Abraham dêr út op de tocht fan syn berteplak Ur nei it Beloofde Lân. Hy soe syn ko asch-Schahba molke hawwe boppe op de heuvel dêr't no de sitadel stiet en de molke ferdield hawwe ûnder de bevolking. Yn it Syrysk-Arabysk hjit de sêad Halaba asch-Schahba.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd, dy't troch de Hettiten stiften is, waard boud op in kloft heuvels yn in wiid fruchtbere delling oan beide siden fan de Kwuwaik. Yn 636 waard it troch de Arabyske islamityske legers ferovere. De folgjende tûzen jier hawwe ferskillende machten om de stêd fochten. De sitadel wie boud op in heuvel yn it sintrum fan de stêd. It wie ien fan de sterkste boarchten op de wrâld.
July 2012 kaam Aleppo swier ûnder fjoer te lizzen fan it Syryske leger ûnder de Syryske boargeroarloch. Tûzenen ynwenners flechten de stêd út. De histoaryske binnenstêd is benei folslein ferwoastge.
Yn febrewaris 2023 waard ek Aleppo troffen by de swiere ierdskodding yn Syrië en Turkije. Der foelen op syn minst 400 deaden yn de stêd. [2]
Wichtige bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Aleppo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Emile Benveniste (1902-1976), Frânsk taalwittenskipper
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Fuotnoat:
|