Vitus Bering
Vitus Jonassen Bering (Horsens (Jutlân), augustus 1681 – Awatsja (Beringeilân), 8 desimber 1741) wie in Deenske ûntdekkingsreizger, dy't yn Russyske tsjinst de Beringstrjitte en Alaska ûntduts.
Bering waard berne yn Horsens, yn Jutlân, mar kaam yn tsjinst fan de Nederlânske marine. Doe't Peter de Grutte yn 1704 de Russyske marine stichte, stapte er oer nei Ruslân, befarde de Swarte See en de See fan Azov en makke him yn de Grutte Noardske Oarloch fertsjinstlik yn de striid tsjin Sweden yn de Eastsee.
Syn namme libbet troch yn de Beringstrjitte, de Beringsee, it Beringeilân (Bering stoar dêr oan skuorbot), de Beringgletsjer, de Vitusmar en de Beringlânbrêge, allegear plakken dy't er besocht hat op syn Earste- en Twadde Kamtsjatka-ekspedysje.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Horsens Museum Vitus Bering
- (in) World Digital Library Kaart fan eastlik Ruslân fan Vitus Bering
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vitus Bering fan Wikimedia Commons. |