Springe nei ynhâld

Marmasjen Vank

Ut Wikipedy
Kleaster Marmasjen
Մարմաշենի վանք
Lokaasje
lân Republyk Artsach
provinsje Sjirak
plak by Marsmasjen
koördinaten 40°50'N 43°45'E
Ynformaasje bou
boujier 10e iuw
Kaart
Marmasjen Vank (Armeenje)
Marmasjen Vank

It Kleaster Marmasjen (Armeensk: Մարմաշենի վանք) is in 10e-iuwsk kleasterkompleks by it doarp Marmasjen yn 'e provinsje Sjirak yn Armeenje. De gebouwen fan it kleaster hawwe wat styl oanbelanget in soad oerienkomsten mei it eartiidske Chtskonk'-kleaster.

De oarspronklik oan Stefanus (Soerp Stepanos) wijde katedraal waard tusken 988 en 1029 yn opdracht fan prins Vahram Pahlavûni boud. Nei de ynfaazje fan 'e Seltsjoeken waard de heal ferneatige tsjerke troch de pakesizzers fan Vahram Pahlavûni om 1225 hinne wer opboud.

Stefanuskatedraal.

Yn 'e midsiuwen wie Marmasjen in wichtige lokaasje foar de regio mei sels betsjutting foar it hiele keninkryk. Wat ôfmjittings oanbelanget hearde it by de gruttere kleasters fan it ryk.

Tusken 1220 en 1403 waard it kleaster 15 kear oerfallen troch de Mongoalen. Fierder hie it te lijen fan Koerdyske kriichshearen, Seltsjoeken en dêrnei Osmanen, mar ek fan 'e ierdskoddings yn 'e jierren 1139, 1275, 1668 en 1926. Op 'e ferwoastigings folgen gjin grutte restauraasjes of renovaasjes. Pas oan 'e ein fan 'e 19e iuw wie der in earste besykjen om de gebouwen foar de takomst te bewarjen. De ynname fan Aleksandropol (it tsjintwurdige Gjûmri) troch de Turken late ta nije plonderingen fan it kleaster.

Yn 'e Sovjet-tiid nei 1945 waarden der in pear restauraasjes útfierd. De skea fan 'e grutte ierdskodding yn 1988 foel ta en waard troch in Italjaansk restauraasjeteam ferholpen.

It tsjintwurdige kompleks bestiet út de Stefanuskatedraal (Soerp Stepanos), dêr't eartiids oan 'e westlike kant in 13e iuwske gavit oan grinzge, en de súdlik dêrfan lizzende, folle lytsere Petrustsjerke (Soerp Petros). De yn it noarden oan 'e haadtsjerke grinzgjende Tsjerke fan 'e Mem Gods (Soerp Astvatsatsin) is foar in part ruïneus. In fjirde tsjerke stie westlik en hie in rûn grûnplan. Fan dy tsjerke bleau allinne it fûnemint bewarre. Likernôch 150 meter noardlik fan dy tsjerken stiet noch in muorrediel fan in fyfte tsjerke.

Yn 'e jierren 1950 waarden dielen fan 'e ferdigeningsmuorren bleatlein, dy't ea it kompleks omklammen.

De namme Marmasjen soe ôfstamme fan Marmarasjen ("fan moarmer makke"), alhoewol't foar de bou gjin moarmer mar allinne rozekleurige dowestien tapast waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: